Fryslân DOK fan 20 july 2014 17:00

[Herhelling] Dizze dokumintêre is earder útstjoerd op snein 19 jannewaris 2014.

Faderpaard
It ferneamde gedicht 'Faderpaard' fan de, yn maart 2013 ferstoarne, Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga foarmet it útgongspunt foar in grut muzykspektakel mei 100 Fryske hynders yn Ljouwert. Oanlieding is it 135-jierrich bestean fan de Koninklijke Vereniging “Het Friesch Paarden-Stamboek” (KFPS). Yn Fryslân DOK is te sjen hoe't teaterminsken, muzikanten en hynsteleafhawwers elkoar fûnen by it meitsjen fan de foarstelling.

In wichtige rol is weilein foar it spektakulêre ‘Théâtre du Centaure’ út Marseille, dat earder op Oerol Fryske hynders, filmprojeksjes en poëzy kombinearre. Ek Blythe Brown, de frou fan thrillerskriuwer Dan Brown docht mei har Amerikaanske show ‘Behind the mask’ mei. Sjongeres Nynke Laverman en musikus Sytze Pruiksma fersoargje de muzyk. It dekôr wurdt bepaald troch filmbylden sjen te litten op in byldskerm fan 8 by 40 meter. De rezjy is yn hannen fan Jos Thie. Oan him de taak om yn de lêste wiken foar de foarstellingen op 9 en 10 jannewaris de ferskate ûnderdielen ta ien ferhaal te smeien yn in heksetsjettel fol technyk, hynders en passy. De televyzjeregistraasje fan de foarstelling ‘Faderpaard’ is letter dit jier ek te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 19 july om 10:30 oere en op snein 20 july om 15:25 oere .

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)