Fryslân DOK fan 20 desimber 2020 17:00

Ivgi & Greben wachtsje yn beweging

As dûnsnomaden reizgen Ivgi & Greben achttjin jier lang oer de wrâld, om yn 2020 ynienen yn Fryslân del te kommen. Mar corona sit de foarming fan in nij dûnsselskip yn it paad. Se beslute om sels de flier wer op te gean. In unike situaasje, fêstlein troch Fryslân DOK.

Harren winsk om in thús en in eigen fêst dûnsselskip te hawwen, waard honorearre troch de advyskommisje Poadiumkeunst fan de provinsje. It is 'a dream come true' foar Ivgi & Greben. Foar Fryslân is it it earste dûnsselskip fan dit ynternasjonale formaat.

Mar op dit stuit is it troch de coronakrisis ûnmooglik om audysjes te hâlden en de bêste ynternasjonale dûnsers te kontraktearjen. Ek in grutte premjêre en gearwurking mei Fryske dûnsgroepen moat op 'm wachtsje litte. Lykas alle útfierende keunstners brutsen Ivgi & Greben har de holle oer hoe't it fierder moast. Net allinnich it nije Fryske dûnsaventoer, ek harren eigen identiteit as goreograaf kaam ûnder spanning te stean. Uri Ivgi: "Wie ben ik als ik niet dans, als ik daar niet mee bezig ben?"

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)