Fryslân DOK fan 20 april 2014 17:00

Fryslân DOK: De myte fan The Serenes

Yn 1990 brochten The Serenes ‘Barefoot and Pregnant’ út. De lanlike media is ûnferdield lyrysk oer it album dêr't de Jouster band mei debutearret. Muzykblêd Oor fynt The Serenes “een band van internationale klasse”. Mar it sukses hat ek in oare kant...

De wichtichste leden fan 'e band, Paul Dokter en Theo de Jong, hawwe in muoisume relaasje mei de parse. Prate oer harren muzyk dogge se leaver net. De band huldiget it prinsipe dat de keunstner ûndergeskikt is oan syn skepping. Ek ûnderling rint it net altyd like goed. As sy it net iens wurde oer de muzikale koers, stapt Paul Dokter út The Serenes. Mei Theo de Jong as driuwende krêft komt yn 1993 ‘Back to Wonder’ út. Ek dizze plaat krijt goede kritiken, mar is kommersjeel gjin sukses. Twa jier letter beslút Theo de Jong om The Serenes op te heffen.

‘Barefoot and Pregnant’ wurdt noch hieltyd sjoen as ien fan de bêste Nederlânske platen fan alle tiden. Dat die ferline jier ek bliken by de nije útjefte fan it album. Op it Ljouwerter festival ‘Welcome to the Village’ wurdt in tribute spile foar The Serenes. Grutte ôfwêzigen: Paul Dokter en Theo de Jong. Alle ynterviewfersiken yn ‘e tiid fan de nije útjefte waarden ek steefêst wegere. It wurket de mystyk om de band hinne noch mear yn 'e hân. Fryslân DOK giet op syk nei de myte fan The Serenes.

Ek te sjen op sneon 19 april om 10:25 oere en snein 20 april om 15:25 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)