Fryslân DOK fan 2 july 2017 17:00

    De rêders fan de Harnzer Haven

    De yndustryhaven fan Harns hat it swier. De wurkgelegenheid lûkt stadich oan mar de nije yndustryhaven is noch lang net útferkocht. Doe’t oankundige waard dat der in nije yndustriehaven oanlein wurde soe, waard der in soad belangstelling fan grutte bedriuwen ferwachte.

    De útwreiding fan de haven waard op 10 maaie 2003 iepene. No fjirtjin jier letter briede der grutte koloanjes strânljippen yn dit gebied. Yn Fryslân DOK komme de belutsenen fan de haven oan it wurd. Wat is der mis gien? En hat de haven noch in takomst?

    Yn de dokumintêre stiet de wrakseling fan de haven om der in sukses fan te meitsjen sintraal. Yn in tiid dy’t net altyd like maklik is; krisis, konkurrinsje fan oare haven en de útbliuwende steun fan de provinsje Fryslân.

    Fryslân DOK

    Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    (advertinsje)