Fryslân DOK fan 2 febrewaris 2020 17:00

Winterwaar op komst: 

Foarhinne brochten se noch kjeld mei. Dat wie't ferhaal. As yn de lette hjerst de earste keppels guozzen oerkamen, fleanend yn in V foarm (de V fan VORST), wie der winter op komst. Kjeld út Sibearië. Dan koenen de redens út it fet.

Dat is no oars. Se komme no mei grutte oantallen en rjochtsje foar miljoenen euro's skea oan boerelân en natuergebieten. Gjin minske wit wêr't dit ophâldt. En boppedat, winterwaar nimme se ek al net mear mei.

Yn dizze Fryslân DOK de haat-leafdesferhâlding fan it plattelân mei it groeiend oantal roppige wintergasten dy 't troch klimaatferoaring mei hieltyd mear hjirhinne komme en foar in part ek net wer fuortgeane.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)