Fryslân DOK fan 2 desimber 2018 17:00

It roer om:
Yn de dokumintêre 'It roer om' folget programmamakker Wilfried Bijma tal fan inisjativen om de wrâld fossylfrij te krijen. Sa ek de Elfwegentocht: ûnder it kulturele haadstêdjier 2018 is it yn Fryslân twa wike feest sûnder in drip benzine. As grande finale fan de Elfwegentocht wurdt der op de sneldyk tusken Drachten en Ljouwert besocht in wrâldrekôr te heljen. Doel hjirfan is om mei in sa'n grut mooglike stoet ferfiermiddels op fossylfrije brânstof oer dy dyk te riden.

De besiele Bouwe de Boer is projektlieder fan 'de freonen fan fossylfrij Fryslân' en wurksum as enerzjy oanjager by de gemeente Ljouwert. Hy wie ea ek de inisjator fan it sinneboatracen yn Fryslân. Ek Gerard van der Schaar hat hjir in link mei. Hy stiet mei syn team al jierren oan de wrâldtop fan it sinneboatracen. Se wolle mar ien ding: wer de fluchste wêze yn 2018. It Clavis Victron Energy Solar Boat team út Ljouwert besiket de wrâldtitel solarboat-racen te winnen by it wrâldkampioenskip yn Monako. Yn 'It Roer Om' stiet yn ding sintraal: in fluggere enerzjy transysje nei fossylfrije brânstoffen.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)