Fryslân DOK fan 2 augustus 2015 17:00

Sân Stêden (Werh.) Sjoernalisten fan de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân reizgje yn de hjerst fan 2014 mienskiplik ôf nei de Europeeske Kulturele Haadstêden oant 2018. Nei alle stêden reizge ek in ‘Young Professional’ mei dy’t past by it kulturele tema fan de stêd. Yn totaal binne fjirtjin ferslachjouwers en sân Young Professionals nei de stêden ta gongen. Henk te Biesebeek, fotografe Gitte Brugman en topkok Jan Smink reizgje ôf nei San Sebastian, Spanje. San Sebastian, oftewol Donostia foar de Basken, leit oan de Golf fan Biskaje, yn it noarden fan Spanje. De stêd hat sa'n 200.000 ynwenners en is ien fan de moaiste stêden fan Spanje. Yn San Sebastian draait alles om iten, de stêd telt mar leafst 16 Michelin stjerresjefs. Iten is dan ek ien fan de tema's fan Kulturele Haadstêd 2016. Sjoch mear oer it mienskiplik projekt op de webside fan 7stêden
Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)