Fryslân DOK fan 19 novimber 2017 17:00

Romania Romania is in portret fan de ferneamde klezmer-muzikant Jaap Mulder (Ljouwert, 1959) en de woartels fan syn muzikale DNA yn Transsylvanië, Roemenië. Al 30 jier litte hy en syn band Di Gojim harren ynspirearje troch de muzikale tradysjes fan dy regio. Mar is hy dêrtroch ek ferbûn mei de lokale muzikanten en harren kultuer? Of bliuwst in bûtensteander?

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)