Fryslân DOK fan 19 july 2020 17:00

'Ofskied fan in machtich man',

Yn de 100-jierrige skiednis fan sc Heerenveen belibbe de club syn meast súksesfolle perioade ûnder Riemer van der Velde. Yn de Fryslân DOK 'Ofskied fan in machtich man' (2006) folget Arjen de Boer him yn syn lêste jier as foarsitter.

Hûndert jier ferlyn, op 20 july 1920, waard de fuotbalklup Hearrenfean oprjochte. Dêrom djippet Fryslân DOK de dokumintêre 'Ofskied fan in machtich man' op út it argyf. Makke yn 2006, mar ek no nijsgjirrich om te sjen. Ommers, fjirtjin jier nei syn ôfskie fielt Riemer van der Velde him noch altyd belutsen by de club.

Riemer van der Velde stie bekend as in man mei in skerpe noas foar jonge talinten. Tal fan bûtenlânske fuotballers dy't letter wrâldferneamd wurde soene, begûnen har ynternasjonale karriêre by sc Hearrenfean. Programmamakker Arjen de Boer folge Van der Velde yn syn lêste jier as foarsitter op scoutingreis nei Spanje. Yn in boatsje op de Langwarder Wielen filosofearret er oer fuotbal en de oerienkomsten mei syn hobby: fiskjen.

We sjogge hoe't hy syn netwurken ûnderhâldt as gasthear fan bekende Nederlanners yn syn eftertún, tidens it skûtsjesilen by Langwar, mei ûnder oaren Afonso Alves, Paul Bosvelt, Guus Hiddink en Hil Lenstra. En wa't altyd neist Riemer stiet en ek in haadrol hat yn dizze film: syn frou Annie.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)