Fryslân DOK fan 19 augustus 2018 18:35

Man, de race fan myn libben: Motorkoereur Bertus Folkertsma is ree om de heechste risiko's te nimmen. Al 25 jier is er profesjoneel aktyf op it de heechste nivo fan de Nederlânske motorsport. Mar op racegebiet hat er noch in ultime útdaging: race op it eilân Man! The TT of the Isle of Man is in dykrace foar motors op it Britske eilân Man en stiet fanwegen it grutte tal ûngelokken bekend as de gefaarlikste fan 'e wrâld.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)