Fryslân DOK fan 18 oktober 2020 17:00

Mei de Fryslân DOK 'Denk het onmogelijke' sketst dokumintêremakker Anne van Slageren in portret fan Pieter Kooistra. De ideeën dy't Kooistra ein foarige iuw ûntwikkele, binne ek no aktueel.

Brigitta Scheepsma, fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn Tytsjerksteradiel, giet yn de dokumintêre op syk nei de minsk Pieter Kooistra en syn ideeën. Yn it Veerhuis aan de Waal yn Varik, dêr't Kooistra wurke, moetet se Henry Mentink, dy't it gedachteguod fan Pieter Kooistra libben hâlde wol. Se besiket Skylge, dêr't Kooistra in alternative fakânsjekoloanje opsette en op it idee kaam foar in keunstútlien. Yn 1989 waard dy oprjochte. Syn freondinne Trees Niekus fertelt oer de man syn drive: "Hij was niet te stoppen."

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)