Fryslân DOK fan 18 maart 2018 17:00

    Gjin plak foar pake en beppe, Ternaard yn aksje foar behâld âldereinsoarch

    Ternaard; in doarpke yn de krimpregio fan it noardeasten fan Fryslân. Al giet de krimp der yn it doarp net sa tradisjoneel oan ta as in oare doarpen.

    Jongerein dy't fuortlûke nei de stêd is net de oarsaak fan de krimp yn Ternaard, mar it twongen fertrek fan heechbejierre ynwenners is dat wol. It giet yn it doarp om âlderen dy't net langer yn it Ternaarder fersoargingshûs Spiker ferbliuwe kinne.

    In pear jier ferlyn moast in part fan de minsken al ferhύzje om't in ôfdieling net mear foldie oan de easken dy't steld wurde foar de brânfeiligens. Eigener Kwadrantgroep wol fersoargingshûs Spiker oan de ein fan it jier leech hawwe en slope.

    Troch it Ryksbelied is de lokaasje yn Ternaard net mear rendabel. Doarpsbewenners wolle de âldereinsoarch yn it doarp behâlde en hawwe harren hope fêstige op ûndernimster Simmy de Vries. Sy wurket in nij konsept ύt om it fersoargingshûs behâlde te kinnen.

    Fryslân DOK

    Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    (advertinsje)