Fryslân DOK fan 18 juny 2017 17:00

Yn it spoar fan Wellington R1397: Yn de nacht fan 24 op 25 july stoarte de Wellington R1397 del yn de greiden fan it buorskip Klaeiterp. It wie de earste geallieerde bommewerper dy ’t op Fryslân delstoarte. Fan it fleantúch bleaun near mear oer. De bemanning krigen in anonym grêf yn Ljouwert. Frijwilligers fan de stichting Missing Airmen Memorial Foundation hawwe jierren lang dwaande west om achter de nammen te kommen fan dizze mannen. No nei 75 jier krije se allegearre in grêfstien mei harren namme der op.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)