Fean: diel 2
Al tsientallen jierren hat it feangreidegebiet yn Fryslân te krijen mei ien à twa sintimeter grûndelgong yn it jier. De oarsaak fan dizze grûndelgong yn 'It Lege Midden' fan Fryslân en alle oare problematyk is it djipûntwetteringsbelied fan provinsje Fryslân. Yn 'Fean' sjogge we mei dichter Jan Kleefstra en lânskipsarsjitekt Peter de Ruyter nei de gefolgen en de mooglike oplossingen foar dit yngripende en maatskiplike fraachstik.