Fryslân DOK fan 17 jannewaris 2016 17:00

It spoar fan de otter

De lêste otter yn Nederlân waard yn 1988 yn Twellingea deariden. Efkes like it der op dat it spoar fan de otter yn Fryslân dêrmei ek dearinne soe. Tal fan inisjativen om it, sa ta de ferbylding sprekkende, bistje werom te krijen yn it Fryske wetterlân mislearren. Ek it otterpark, oprjochte om it grutte publyk by de problematyk te belûken, hie it dreech. Fryslân DOK folget it spoar fan de otter yn twa ferhaallinen: dy fan de weromkear fan de otter yn Fryslân en dy fan it suksesfol meitsjen fan in bistetún.

It weromkrijen fan de otter yn Fryslân is in dreech proses, mar se jouwe noch hieltyd net op; de otterpioniers. Ien fan harren is Tjibbe de Jongh, fjildman yn hert en nieren, âld-meiwurker fan it Fryske Gea en no mei pensjoen. Hy hat altyd in soad mei de otter op hân en siket noch hieltyd mei in ‘wildlife’-kamera nei it bistje.

In oare otterpionier, Addy de Jongh, rjochte yn 1994 it otterpark Aqua Lutra op by Ljouwert. Nei in pear jier die bliken dat in park mei allinnich it ferhaal fan de otter gjin takomst hie. De kombinaasje natuer, edukaasje en kommersje wurke mar net sa’t de inisjatyfnimmers hope hienen. Nei in oarname waard it otterpark yn 2003 omfoarme ta AquaZoo, in bistetún mei folle mear bisten. It sukses bleau lykwols út en ferline jier gie de bistetún sels fallyt. Mar nije eigener Libéma wol flink ynvestearje. Manager Martin van Hees sit fol plannen en ideeën: der komt noch mear fokus op wetter en der komme ûnder oaren iisbearen, krokodillen en nylhoarzen by. Der is ek noch hieltyd in soad omtinken foar de otter.

Ek al binne de belangen fan bistetúnmanagers en natuerminsken wolris tsjinstridich, wat harren bynt is de passy foar de otter. Yntusken is der wer in aardige populaasje wylde otters yn ús lân, nei’t jierrenlang besocht is it bist op ferskate plakken út te setten. En hoewol’t in grut tal deariden wurdt, liket dêrmei it spoar fan de Lutra weromfûn te wêzen.

Fryslân DOK: It spoar fan de otter
Snein 17 jannewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 16 jannewaris om 15.30 oere en snein 17 jannewaris om 13.00 oere op NPO 2.

Share this page on:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)