Fryslân DOK fan 17 febrewaris 2019 17:00

"Nije Eagen" wol jonge makkers in poadium biede. It is in inisjatyf fan Fryslân DOK en film platfoarm New Nordic Wave. 'De Muze'en 'Ferjit my net' binne 2 mini dokumintêres dy't makke binne troch twa jonge filmmakkers, Tom Tieman en Froukje van Wengerden

"De Muze" in portret oer keunstner Alle de Jong. As hy syn muze kwytrekket, liket syn libben as keunstner sinleas.

"Ferjit my net" giet oer de út Brazilië adoptearre Frenk dos Santos. Hij wol werom nei syn bertelân om dêr de bern fan de strjitte te helpen troch muzyk mei se te meitsjen.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)