Fryslân DOK fan 17 desimber 2017 17:00

Yn Drachten waard yn 1921 in rychje huzen hielendal ynrjochte neffens de prinsipen fan De Stijl. Yn 2017 wurdt ien wenning út it blok restaurearre en is no in museumwenning. Dizze dokumintêre folget it restauraasjeproses.

Wêr rinne de ûndersikers tsjin oan? Is it Van Doesburgbehang wol sa as hy it bedoeld hie? En der binne wizigingen yn de plannen en wat betsjut dit foar de restauraasje?

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)