Fryslân DOK fan 16 maart 2014 17:00

Reitze.
Kommende woansdei binne de gemeenteriedsferkiezings. Ek Fryslân DOK hat dêr omtinken foar. Mar yn dizze dokumintêre giet it net oer partijen, of ien partij, mar oer in man. Hy sit al dik 35 jier yn de gemeenteried fan Ljouwerteradiel. Ek de lêste fjouwer jier dat dy gemeente noch bestiet wol er wer yn de ried, de fjirtich jier fol meitsje. Reitze Ketellapper.

Yn it earstoan siet Ketellapper foar it CDA yn de ried, mar sûnt 1994 as oanfierder fan de partij Gemeentebelangen. En krekt sa'n partij is no populêr, it giet neffens de insiders woansdei ‘hosanna’ mei de lokale partijen. Dat giet it al dy jierren al mei Gemeentebelangen Ljouwerteradiel, de partij hat in fêst plak yn it kolleezje. Tanksij de drive, it entûsjasme fan Reitze Ketellapper. Dat entûsjasme komt ek yn de dokumintêre ta utering. In entûsjasme dêr’t de oare partijen de holle foar bûge. Of sa't listlûker Harm de Kroon fan de PvdA seit: “In dialooch mei Ketellapper is, dat der ien praat en de oar harket”.

Ek te sjen op sneon 15 maart om 10:25 oere en snein 16 maart om 15:30 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)