Fryslân DOK fan 16 juny 2019 17:00

De magy fan Maarten

It wie syn ultime dream: de Alvestêdetocht swimme. Maarten van der Weijden sette ôfrûne simmer hiel Fryslân en Nederlân op 'e kop. Mei syn allen stiene we lâns de rûte en donearren wy sawat 5 miljoen euro foar kankerûndersyk. Ek al koe er de tocht net útswimme - by Birdaard moast er it oerjaan - Maarten wie in nasjonale held.

En hy set troch. Maarten van der Weijden sil yn it wykein fan 22 juny de Alvestêdetocht wer swimme. En diskear wol er Ljouwert helje. Hy hopet op 'e nij op it entûsjasme fan de Friezen.

Sille wy wer manmachtich oan de kant stean? Komme der nóch mear kameraploegen? Berikt it Alvêstede-karnaval in nij hichtepunt?

Of... is de spontane betsjoening no foarby, en binne wy stikem in bytsje 'Maarten-moe'?

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)