Fryslân DOK fan 16 febrewaris 2020 17:00

Nije Eagen 2020

Fryslân DOK presintearret trije nije koarte films, makke troch jonge makkers mei in eigen blik op de wrâld. De films binne: 'Onder Water' fan Tristan Visser, 'Onsje Minder' fan Menno Boersma en Marinthe de Hek, en 'Doorgaan' fan Johanneke Dijkstra.

Tristan Visser is muzikant en eksperimintearret mei lûd. Hy is opgroeid op Skylge en fielt him ferbûn mei de see. Foar it ûnderwetterlibben is lûd it primêre sintúch. Yn syn film 'Onder Water' ûndersiket Tristan it lûdslânskip fan de see en it effekt fan minsklike aktiviteiten dêrop.

Marinthe de Hek en Menno Boersma toane in oare blik op ús iten: "De mens pleegt roofbouw op natuurlijke rijkdommen, ondergraaft daarmee planten- en diersoorten en daarmee zijn eigen voortbestaan." Yn de film 'Onsje Minder' folgje se 'De Tuin van de Toekomst' fan Sjoerd van der Hem yn Jorwert.

De haadpersoan yn de film 'Doorgaan' fan Johanneke Dijkstra is boksleginde en -coach Piet Rozendaal út Ljouwert. De Prinsetún wie Piet syn earste boksring. Buert tsjin buert, freon en fijân tagelyk. Piet coacht no nije talinten. 'Doorgaan' is in dokumintêre oer krêft en oerlibje.


It projekt is in gearwurking fan Omrop Fryslân, New Noardic Wave en CineCrowd. Yn 2021 sil Omrop Fryslân 'Nije Eagen' organisearje mei it nije Fryske dokumintêrefestival 'Plons'.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)