Fryslân DOK fan 16 desimber 2018 17:00

€astermar: Dit jier is de heechste Postcodekanjer ea fallen yn Eastermar; in bedrach fan 53,9 miljoen euro. It doarp stie folslein op 'e kop. Mar no 't de rêst wer werom is, ûntstiet de fraach, hoe giet it no mei de ynwenners fan Eastermar dy't in priis wûn hawwe?

De dokumintêre portrettearret in oantal minsken út it doarp dy't fertelle oer dy bewuste wike yn jannewaris. Wat dogge se mei it jild en wat hat it yn harren libben feroare? En, makket jild lokkich?

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)