Fryslân DOK fan 16 augustus 2015 17:00

Sân Stêden (Werh.) Sjoernalisten fan de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân reizgje yn de hjerst fan 2014 mienskiplik ôf nei de Europeeske Kulturele Haadstêden oant 2018. Nei alle stêden reizge ek in ‘Young Professional’ mei dy’t past by it kulturele tema fan de stêd. Yn totaal binne fjirtjin ferslachjouwers en sân Young Professionals nei de stêden ta gongen. Wendy Kennedy, Rob Leemhuis fan de Ljouwerter krante en Tatiana Pratley reizgje ôf nei Paphos, Syprus. Paphos is in havenstêd op Syprus, yn it súdwesten fan it eilân, en hat 75.000 ynwenners. Paphos lûkt in soad toeristen en dat is dan ek in belangrike boarne fan ynkomsten. De stêd is yn 2017 Kulturele Haadstêd. Sjoch mear oer it mienskiplik projekt op de webside fan 7stêden
Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)