Fryslân DOK fan 16 april 2017 17:00

De Grins

‘De grins’ giet oer tsien profesjonele jonge Fryske dûnsers en fjirtich amateurdûnsers fan fyftich jier en âlder. Sy spylje yn de oangripende foarstelling ‘Grenzeloos’. Hjiryn wurde de dilemma’s fan de flechtling fielber. It momint fan ôfskied nimme fan harren dierberen, de libbensgefaarlike oertocht yn in boat oant it oankommen yn in lân dêr’t je frjemd binne.

De dûnsfoarstelling Grenzeloos is ûnderdiel fan it Europeesk projekt Let’s Dance, dy’t jonge dûns- en teätermakkers stimulearje wol om dûnsteäter te meitsjen mei groepen minsken dy’t gjin of net folle dûnsûnderfining ha. Harren motto is dat elkenien dûnsje kin, ôfsjoen fan de leeftiid, ûnderfining of eftergrûn. Keunstwurk yn Ljouwert is dêryn partner mei dûnsers yn Bremen, Glasgow en Granada. It tema fan it projekt dy’t de dûnsers útdrage is migraasje.

In spannend momint yn it proses is as fiif flechtlingen út Syrië en Eritreä nei de foarstelling komme te sjen. Sy sjogge dernei mei harren hert en bin tige rekke. Yn de foarstelling is de taal fan de dûns oan it wurd en fertelt hoe’t it is om flechtsje te moatten.

De Fryslân DOK dokumintêre 'De grins' is op snein om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. De dokumintêre is ek te sjen op NPO 2 op sneon om 15.30 oere en snein om 13.00 oere.

Fryslân DOK Preview: De Grins

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)