Fryslân DOK fan 15 novimber 2020 17:00

De Beklimmers fan it flakke lân diel 2 - Lânskip

Fryslân DOK makket in searje dokumintêres oer minsken dy't skriuwe oan in nij ferhaal foar it plattelân. Oer minsken dy't de kop boppe it meanfjild útstekke, foaropgeane en rjochting sykje. Lânskip is it tema fan dizze twadde ôflevering fan 'Beklimmers fan it flakke lân'.

Dêr't de stêd foaral in massa beton is mei wat griene plakjes, is it plattelân ien grut lânskip mei hjir en dêr bebouwing. It lânskip is in wêzentlik ûnderdiel fan it plattelânslibben, mar de bewenners hawwe har hieltyd mear loskeppele. It lânskip krijt funksjes tabedield: natuer, lânbou, rekreaasje.

As wy as bewenner dy funksje net brûke, is it mar in hinderlik stik lân tusken de iene en de oare stêd. Mar wêrom wenje op it plattelân, as dat lânskip gjin diel útmakket fan it libben? Filosoof Eric Brinckmann makket him soargen oer de loskeppeling tusken minsken en lânskip. Hy fynt it werombringen fan dy relaasje belangryk.

De Noardlike Fryske Wâlden wol dat ek. Dy organisaasje stimulearret boeren de rol fan lânskipsbehearder op har te nimmen. Boargers wurde útnûge foar aktiviteiten yn it fjild. Foarsitter Albert van der Ploeg hat it ta syn misje makke om de minsken wer oan it lânskip te ferbinen.

Noch in beklimmer: Douwe Gerlof Heeringa. Middenyn coronatiid in restaurant iepenje freget moed. Syn Waadherberch 'The Friezinn' op De Westhoek wurdt in plak dêr't it lânskip sintraal stiet foar syn gasten. Mei lokale produkten, tochten oer it Waad en ferhalen fan it lân.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)