Fryslân DOK fan 15 maart 2020 17:00

Tsjerken te keap: It ôfskied 

Yn de kommende tsien jier sille yn Fryslân sa'n hûndert tsjerken slute moatte. Allinnich al yn de gemeente Súdwest-Fryslân gean foar 2030 teminsten 27 tsjerken ticht, stiet yn in enkête ûnder 129 tsjerkebestjoeren yn dy gemeente. Neffens de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed is dat 'echt heel veel'. Dit blykt út de twadielige dokumintêre 'Tsjerken te keap' fan Fryslân DOK, oer it ôfskie én de takomst fan monumintale tsjerkegebouwen. Saakkundigen ferwachtsje 'een hausse aan kerksluitingen'. Sy hâlde der rekken mei dat it der noch mear wêze sille as dat de sifers no oanjouwe.

Diel 1: 'It ôfskie.' Yn 'e tsjerke fan it doarpke Wânswert binne 800 jier lang Wânswerter famyljes doopt, troud en te hôf brocht. Nei in lang en emosjoneel proses nimt de tsjerkemienskip it beslút om de tsjerke oer te dwaan oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)