Fryslân DOK fan 15 july 2018 17:00

Yn dit lânskip leit myn libben: Mei de Fryske taal as ark, wurkje suksesfolle Fryske skriuwers Hylke Speerstra en Hilda Talsma yn de skriuwersarke fan skriuwer Rink van der Velde op 'e Feanhoop oan in ferhaal oer har persoanlike relaasje mei de Fryske literatuer. Sy rjochtsje har yn in brief ta in Fryske skriuwer út it ferline mei wa sy har ferbûn fiele.

Keunsthistoarikus en kultuerkritikus Huub Mous lit syn ljocht skine oer de Fryske literatuer fan nei de Twadde Wrâldkriich en pleatst dy yn in Europeesk perspektyf. Sa ûntstiet der in byld fan in libbene Fryske taal mei histoaryske woartels yn Europa. Wêr komt de leafde foar de Fryske taal by Speerstra en Talsma wei? Hoe djip sit de eangst om har taal te ferliezen?

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)