Fryslân DOK fan 15 febrewaris 2015 17:00

Fryske doarpen pakke de krimp oan: Fjouwer doarpen by Dokkum hawwe mei-inoar de krimp en de fertutearzing fan harren âlde doarpssintra oanpakt. Yn Ie, Mitselwier, Peazens en Holwert binne Dorps Ontwikkelings Maatschappijen (DOM’s) oprjochte; in eksperimint fan fiif jier. Stipe komt der fan gemeente en provinsje. Húseigeners yn in beskerme doarpsgebiet kinne maksimaal 5000 euro krije om huzen op te knappen. Dat begjinkaptaal lûkt de eigeners en banken meastentiids krekt oer de streek. In tal rotte kiezzen yn de doarpen binne al oanpakt. De pleatslike oannimmers hawwe dêrtroch mear wurk. Ek binne der plannen ûntwikkele foar toeristyske aktiviteiten. Ie wurket oan fernijing fan it Flaaksmuseum, Peazens-Moddergat wurket oan in sammelpunt foar radiostjoeramateurs en in lyts wurkplak foar muzikanten, dêr’t ek foarstellings hâlden wurde kinne. Mitselwier komt mei in Waadtoer by nijsgjirrige plakken del. Holwert wurket oan it projekt Holwerd aan Zee. De foarsitters fan de DOM’s stean sintraal yn dizze film fan Thom Verheul. Mei harren rint hy de doarpen, suksessen, knyppunten en noch ûnferfolle winsken del. Fryslân DOK: Fryske doarpen pakke de krimp oan:,/strong> Snein 15 febrewaris om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 14 febrewaris om 15:35 en snein 15 febrewaris om 12.25 oere op NPO 2.
Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)