Fryslân DOK fan 15 desimber 2019 17:00

De Oerfal - 75 jier

Op 8 desimber is it 75 jier lyn dat by in spektakulêre oerfal op de finzenis fan Ljouwert 51 minsken befrijd waarden. Hessel de Walle skreau it boek 'De mannen van de Overval - heroïek en tragiek in 26 levensverhalen.' Fryslân DOK makke in film oer dy oare kant fan de Oerfal.

Ut de libbensferhalen fan de oerfallers blykt dat de Oerfal dan wol tige goed taret wie en sûnder geweld ferrûn, mar dat in tal dielnimmers dochs in hege priis betelle foar harren fierdere rol yn it ferset. In protte oare aksjes fan dizze mannen út de knokploegen wiene lang net sa suksesfol of geweldleas. It ferset brocht twa Joadske ûnderdûkers om it libben, ek oare minsken waarden dea sketten. Der wiene grouwélige represailles fan de Dútsers.

Yn jannewaris 1945 fusillearren de Dútsers tweintich minsken by Dokkum. Yn april 1945, flak foar de ein fan de oarloch, wie de eksekúsje fan fjirtjin minsken by Dronryp.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)