Fryslân DOK fan 15 april 2018 17:00

M.C. Escher: Syn wurk hinget in mannich klasselokaal, kantoarromte, steane yn skoalboeken, as ôfbylding op neskerijen en screensavers. Nimmen wist mei in magyske kombinaasje fan keunst en wiskunde sokke prachtige yllúzjes te kreëarjen as Maurtis Cornelis Escher (1898 - 1972). Yn Fryslân DOK in unyk ynsjoch yn Escher's libben en syn wurk, troch de eagen fan minsken mei yn fassinaasje foar de keunstner.

Hy waard berne in Ljouwert en dat is foar it Fries Museum foldwaande reden om fan 21 april ôf in grutte tentoanstelling oan him te wijen. Kurator Judith Spijksma is belêste mei it opsetten fan de eksposysje en hat har foarnommen dúdlik te meitsjen hokker wei Escher nommen hat om ta syn ikoanyske wurken te kommen wêrby't fisker feroarje yn fûgels en minsken oer ivich oprinnende treppen kuierje.

Yn Itaalje brocht Escher in soad besiten oan lokaasje dy't tsjinnen ta ynspiraasje. Samler Federico Giudiceandrea hat in eigen kolleksje Escher-printen oanlein dy't it resultaat binne fan dy trektochten. Filmmakker Robin Lutz leit de lêste hân oan in wiidweidige dokumintêre oer libben en wurk fan de keunstner. Lutz moast dêrfoar flinke syktochten ôflizze troch Itaalje en Nederlân.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)