Fryslân DOK fan 15 april 2012

Joris Hoebe

De magyske wrâld fan de film luts Joris Hoebe (33) al as lyts jonkje oan. Hikke en tein yn Poppenwier, ferruile er dat doarpke sa'n 10 jier lyn foar Amsterdam. Hy woe filmregisseur wurde en dêr makke er wurk fan, letterlik. Want sûnt syn ôfstudearjen oan de filmakadeemje yn 2006 is dizze Fries om utens tige warber as regisseur fan films, reklamespotsjes en fideoklips.

Mar dat is net alles. Hoebe besiket sûnt koart ek in nije wize fan film meitsjen te ûntwikkeljen. Under de namme ‘Suitcase Cinema’ wol er op in goedkeapere wize bettere films meitsje. 'Social media' en ynternet spylje dêr in grutte rol by en dat liket in súkses te wurden.

Programmamakker Douwe Talma fan de Omrop siet yn 1997 by Hoebe yn ‘e klasse op de NHL Hogeschool. De manlju wiene doe foar it earst aktyf op it mêd fan de televyzje- en filmmakkerij. No, sa'n 15 jier letter, siket Talma Hoebe wer op. Hy is benijd nei syn âld-skoalmaat en syn wurk. Yn dit portret dûkt Fryslân DOK yn de magyske filmwrâld fan Joris Hoebe en folge oardel jier lang de ûntwikkelings fan Suitcase Cinema.

Share this page on:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)