Fryslân DOK fan 14 maaie 2017 17:00


Underdûkt yn Fryslân:

Rom omtinken foar ûnderdûken yn de Twadde Wrâldoarloch: Yn de Twadde Wrâldoarloch fûnen tûzenen ûnderdûkers in feilich hinnekommen by Fryske famyljes: Joaden, alliearde piloaten, fersetsminsken en manlju dy’t wegeren om te wurkjen yn de Dútske oarlochsyndustry. Fryslân DOK rekonstruearret yn in trijelûk de ûnderdûkhelp oan dy minsken. Mei ek in bysûndere ûntdekking. Want fûn ûnderdûk altyd wol yn it djipste geheim plak?


Der bestiet al jierren in byld dat ûnderdûk altyd yn it grutste geheim plakfûn. Ut dizze dokumintêre docht bliken dat, dat hielendal net it gefal wie. Benammen yn de Fryske doarpen wist it hiele doarp wol wêr’t de ûnderdûkers sieten. In soad minsken droegen harren stientsje by en dus ûntstie der in grutskalige yllegale ûnderdûkmaatskippij.

Underdûkt yn Fryslân:
Diel 1: snein 30 april fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân.
Diel 2: snein 7 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân.
Diel 3: snein 14 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)