Fryslân DOK fan 14 maaie 2013

In fergetten skiednis diel 2

It eardere Psychiatrysk Sikehûs (PZ) yn Frjentsjer – dêr’t GGZ Fryslân út fuortkommen is – hat yn de Twadde Wrâldoarloch in grutte rol spile foar de meast kwetsbere minsken wilens de Dútske besetting. Foar Joadske ûnderdûkers, oarlochsflechtlingen en psychiatryske pasjinten jilde it sikehûs as in feilige haven om ûnder te dûken en te skûljen. Ek hie it sikehûs yn de lêste oarlochsjierren in grutte gearkeuken foar de Frjentsjerter befolking.

Yn de twadielige dokumintêre In fergetten skiednis rekonstruearret Omrop Fryslân oan de hân fan oantinkens fan âld-ferpleechsters en ynwenners fan Frjentsjer hoe’t it sikehûs him yn oarlochstiid steande wist te hâlden ûnder hiel drege omstannichheden.

Dokumintêremakker Gerard van der Veer hat mei help fan in ûndersyksteam fan GGZ Fryslân fiif ferpleechsters fine kinnen dy’t noch yn libben binne. Yn de dokumintêre fertelle sy mei-elkoar in oarlochsskiednis dy’t altyd ûnderbeljochte bleaun is. Frjentsjer wie yn de Twadde Wrâldoarloch mei 350 registrearre NSB’ers in bolwurk fan minsken dy’t it mei de Dútsers hâlden. De NSB krige sels ynfloed yn de lieding en op de wurkflier fan it sikehûs. Yn dat klimaat moast it personiel dat oan ‘de goeie kant’ stie, hieltyd mear yn it geheim operearje om Joaden en stedsgenoaten dy’t gefaar rûnen ûnderdûke te litten yn it sikehûs.

Fan 1943 ôf wurdt it sikehûs in taflechtsoarde foar ferdreaunen en psychiatryske pasjinten út it hiele lân. As de Dútsers de psychiatryske sikehuzen yn Bennebroek en Zuidlaren opeaskje as kazerne foar it eigen leger, komt der in stream fan psychiatryske pasjinten nei Frjentsjer op gong. It oantal pasjinten groeit fan 800 nei rom 1700. It sikehûs sit sa fol dat ek seis skoallen ynromme wurde moatte foar de opfang. Under dizze drege omstannichheden wreidzje sykten as dysentery, diftery en tbc gau út. Uteinlik komt in grut tal pasjinten oan de gefolgen fan ferswakking en sykte te ferstjerren.

In fergetten skiednis is in oangripend relaas fan eardere ferpleechsters dy’t no allegear om ende by njoggentich jier binne. Guon hawwe mear as sechtich jier net of hast net oer harren ûnderfiningen sprutsen. No’t der nei harren oantinkens frege wurdt, makket dat folle mear los as dat sy eins tocht hiene.

Fryslân DOK: In fergetten skiednis diel 2
Tiisdei 14 maaie om 17:10 oere en fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 18 maaie om 10:25 oere en snein 19 maaie om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)