Fryslân DOK fan 14 febrewaris 2021 17:00

'Langstme yn mineur':

Hast in jier lyn wie de earste coronabesmetting yn Nederlân en dêrnei de earste lockdown, mei ek foar de kultuersektor dramatyske gefolgen. It lytse teäter de Koornbeurs yn Frjentsjer foarmet it dekor foar de Fryslân DOK 'Langstme yn mineur', mei pianist Peter yn de haadrol. Pianist Peter van der Zwaag is al fjirtich jier de fêste orkestlieder fan bekende nasjonale artysten as Willeke Alberti, Jenny Arean en yn it ferline Robert Long en Liesbeth List. No't hy net mear foar publyk spylje mei, fielt it foar Van der Zwaag of hat er 'in sintúch ferlern'.

Direkteur Titia Huisman fan teäter de Koornbeurs yn Frjentsjer betocht de foarstelling 'Het Verlangen', dêr't artysten en publyk mei elkoar oparbeidzje yn de hoop op bettere tiden. Ek Merlijn Twaalfhoven, skriuwer fan it boek 'Het is aan ons', hâldt hoop. Neffens him kinne keunstners meihelpe de grutte problemen yn de maatskippij op te lossen.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)