Fryslân DOK fan 13 maaie 2018 17:00

De Joadske brulloft; diel 4


Barend en Mimi Boers flechten foar deportaasje op 16 july 1942. It pear gong fuort út Nederlân om pas sa'n moanne letter mei in boat oan te kommen yn Jamaika. Harren bern, yntusken allegearre boppe de sechstich jier âld, hawwe nea de details witten fan de libbensgefaarlike flechperioade út it libben fan harren âlden.

It neitinken hjiroan siet feilich opburgen yn in koffer, dy't in libben lang sletten bleau. Pas as de bern fan Baren en Mimi nei harren dea de koffer iepenje, komt der in reis fol gefaar, eangst en lijen nei bûten. Undertusken komt ek it besef fan it gelok dat harren âlden bytiden hiene. Dat, neist harren fernimstichheid en moedich hanneljen, makke dat sy it oerlibben.

Fiifensântich jier nei de ûntsnapping fan it pear Boers lizze harren bern André, Yvette en Marion deselde rûte ôf. De reis fiert dwers troch Frankryk en Spanje en it trijetal hat ynkringende moetingen mei de bern fan minsken dy't harren âlden oan papieren of de grins oer holpen. Yn de Fryslân DOK 'De Joadske Brulloft' stiet yn fjouwer dielen de oerlibbingskeunst en fearkrêft fan in Joadsk pear yn beset Europa sintraal. Tagelyk giet it ferhaal oer harren bern, de twadde generaasje, dy't it grutte respekt en leafde foar harren âlden ta spyt, libje moat mei it skaad fan de holocaust.

De Fryslân DOK dokumintêre 'De Joadske Brulloft' is yn fjouwer dielen fan snein 22 april ôf om 17.00 oere te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân. Dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)