Fryslân DOK fan 13 desimber 2020 17:00

Beklimmers fan it flakke lân diel 3: Lânbou 

Mei de rige 'Beklimmers fan it flakke lân' filmet Fryslân DOK in nij ferhaal foar de takomst fan it plattelân. Oer minsken dy't har holle boppe it meanfjild útstekke, foaroprinne en rjochting sykje.

De takomst fan de lânbou is miskien wol it grutste tema fan it plattelân. Protesten tsjin 'De Haach' geane hân yn hân mei fûle diskusjes tusken boeren en harren organisaasjes. Der liket in twadieling tusken de hightech en biologyske lânbou. Mar is de lânbou ek noch op in oare manier te benaderjen?

Imke de boer en Evelien de Olde tinke fan al. As ûndersikers 'dierlike produksjesystemen' oan Wageningen University & Research hawwe se tegearre in yntegrale fyzje skreaun op de takomst fan de lânbou. Se wûnen der de Rockefeller's Food System Vision Prize mei en kamen by in seleksje fan foaroansteande wittenskippers op dit gebiet. Harren fyzje begjint by de boarger. Dy moat belutsen wurde by syn eigen produksje fan iten, sadat hy dêr ferantwurdlikens foar fielt. Boppedat pleitsje De Boer en De Olde foar 'miljeuplafonds', dat wol sizze de maksimale belesting dy't in regio hawwe kin fan de lânbou. It idee: de boer is njonken in effisjinte produsint ek steward fan it lânskip en wurdt dêrfoar ek betelle.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)