Fryslân DOK fan 12 maart 2017 17:00

Understream

It idyllyske libben op it Fryske plattelân wurdt rûch fersteurd troch in ûnferwachts plan foar in yndustrieel wynmûnepark foar 50 oant 60 enoarme wynturbinen. Wat yn earste ynstânsje in gefjocht liket, ‘ûntwynt’ him ta in boargerinisjatyf mei gefolgen. Fjouwer jier lang folge ynwenner en filmmakker Jeroen Hoogendoorn efter de skermen dy ûntwikkeling.

Hoewol der op it begjin in soad ferset wie tsjin de wynmûnen, waard dat al gau omsetten yn in boargerinisjatyf. Troch de boargers waard sels in plan skreaun mei in alternatyf. Kearn fan it plan is simpel: it dielen fan de lusten, lêsten en sizzenskip. Mar dochs wurdt yn dizze dokumintêre ek pynlik dúdlik dat boargers hieltyd faker net opwoeksen binne tsjin de kommersjele lobby en de polityk.

Yn diel twa is te sjen dat projektûntwikkelers harren projekten no foar beoardieling presintearje moatte oan boargers en omwenners. Gefolch is dat der úteinlik net in soad projekten oerbliuwe. Under druk fan de provinsjale ferkiezingen komt it boargerinisjatyf lykwols yn swier waar. It is sels sa slim dat it boargerinisjatyf sneuvelet nei in debat fan 8 oeren. Mar it ferhaal is hjirmei noch net dien. De klacht is dellein by de VN yn Genève en de útspraak folget yn 2017.


Diel 1: snein 5 maart om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren.

Diel 2: snein 12 maart om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren.
NPO 2.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)