Fryslân DOK fan 12 juny 2016 17:00

HYLS - Fan Fries nei Ariya

Wat is de priis fan wier gelok? Hyls Hiddema (37) fan Weidum hat in jier lyn, nei in lange spirituele syktocht, syn yntree dien yn it boeddhistyske Ariya Sintrum yn Thailân. Mei as doel: libje yn in permaninte steat fan gelok, oftewol it berikken fan Nirwana. Dêrfoar moast er, lykas de Boeddha sels, syn Thaiske frou Waw en harren sânjierrige soan Aran efterlitte.

Hyls bestudearret, neffens syn ferljochte learaar Luang Por Pichai, de suverste foarm fan it boeddhisme. En hy is der fan oertsjûge dat er yn Luang Por de goede learaar fûn hat. “Sûnder learaar komst net fier. Te dreech en te teoretysk. Dan sjochst nea dyn eigen bline flekken.” It doel is om Nirwana, it úteinlike thúskommen, noch yn dit libben te berikken. ‘’Ast alle fragen witst en do kinst se ek beäntwurdzje, ast in helder ynsjoch krigest yn it hoe en wêrom, dan kinst ferljochte reitsje.’’

Freon en filmmakker Halbe Piter Claus socht Hyls op en krige unike tagong ta it Ariya Sintrum. Foar it earst yn tweintich jier komt mei dizze film bewegend byld fan dy ûnbekende mienskip nei bûten. Yn ‘HYLS - fan Fries nei Ariya’ sjogge we wat de winst én wat de konsekwinsjes binne fan Hyls syn fûnemintele kar. En wêr bliuwt de lytse Aran no't Waw ek de timpel yngiet?

De dokumintêre ‘HYLS - Fan Fries nei Ariya’ is ûntstien út in koproduksje mei BodhiTV (KRO-NCRV).

Fryslân DOK: HYLS - Fan Fries nei Ariya
Snein 12 juny fan 17.00 oere ôf alle twa oeren yn twa dielen op Omrop Fryslân Telefyzje.
Ek te sjen op sneon 11 juny om 15.30 oere en snein 12 juny om 13.10 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)