Fryslân DOK fan 12 july 2020 17:00

'Fjouwer nije skriuwers oan 'De berchrede fan it flakke lân':
Diel 4

Wylst de Fryske Europarlemintariër Anja Haga hurd wurke oan har ideaal fan in duorsumere maatskippij, waard sy troffen troch it coronafirus. Dochs skriuwt ek sy mei oan it ferfolch fan 'De Berchrede fan it Flakke lân', in searje fan Fryslân DOK oer de takomst nei de coronakrisis.

Stadichoan krûpt it lân út de lockdown. Jout it 'nije normaal' ek kânsen op fernijing? Yn in ferfolch op 'De Berchrede fan it Flakke Lân' presintearret Fryslân DOK fjouwer nije essays oer de takomst. De skriuwers binne sjongeres Nynke Laverman, yngenieur Govert Geldof, filosoof Jabik Veenbaas en politika Anja Haga.
 

'De Berchrede fan it Flakke lân' is in searje fan Fryslân DOK oer de takomst néi de coronakrisis.

Nije paden, wêr lizze se? Wa wiist de wei? Wat hat de ideeën, wa de moed? Wa fynt de wurden, wa de dream? Minsken dy't neitinke oer hoe't it fierder moat mei ús en de wrâld, sette har gedachten op papier. Mei-inoar foarmje dizze ferhalen 'De Berchrede fan it Flakke Lân'.

De essays wurde publisearre yn it tydskrift De Moanne (www.demoanne.nl). De dokumintêres binne online werom te sjen by Omrop Fryslân en NPOstart, ûnder de namme: 'Fryslân DOK - de Berchrede fan it Flakke Lân'.

De ynterviews binne ek as podcast te beharkjen yn de searje 'Ferhalen fan it Flakke lân'.

https://www.omropfryslan.nl/programma/fryslan-dok-ferhalen-fan-it-flakke-lan

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)