Fryslân DOK fan 12 febrewaris 2017 17:00

Baas op eigen hiem

Twa jonge melkfeehâlders wolle beide itselde: it fan generaasje op generaasje oergiene famyljebedriuw trochsette. Boer wêze en boer bliuwe. Mar de melkfeehâlderij makket in drege tiid troch. Mei it ferdwinen fan it molkekwotum binne prizen ûnfoarsisber en kinne guon amper de holle boppe wetter hâlde. Mear melke kin net fanwegen miljeubeheiningen; de boel sit stiif op slot.

Soks freget om in beslút. De iene húshâlding, dy fan Haite Schukken, emigrearret. It is de regeljouwing yn Nederlân en benammen de oanhâldende ûndúdlikheid dêroer. Se sjogge gjin kâns om yn Fryslân fierder te buorkjen, sa’t se graach wolle, en nimme it heft yn eigen hannen.

Bartele Holtrop en syn frou Rianne sjogge noch wol kâns yn Fryslân, mar dan moat it roer folslein om. Bartele stapt út de maatskip mei syn heit en begjint in pear kilometer fierderop in eigen pleats mei in eigen filosofy. Hy hat no wer it gefoel, ‘baas op eigen hiem’ te wêzen.

Nederlân stiet mei boppe-oan de list fan grutste lânbou-eksporteurs fan de wrâld. En Fryslân, spilet der in belangrike rol yn mei. Mar is dy rol noch wol fol te hâlden en winsklik? Benammen no’t ús boeren sûnt in jier konkurrearje moatte op de wrâldmerk en dêrby ek nochris tsjin behoarlike miljeugrinzen oanrinne. Hoe sjogge twa jonge boeren nei harren takomst en dy fan de melkfeehâlderij yn Nederlân? Wat foar maatregels treffe sy om dy takomst treast te wêzen? En hokker konsekwinsjes hat dat foar harren húshâldingen?

Fryslân DOK: Baas op eigen hiem
Snein 12 febrewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân TV.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)