Fryslân DOK fan 12 augustus 2018 17:00

Bertsolari, it suksesferhaal fan in minderheidstaal:
Wurdt it foar minderheidstalen en -kultueren hieltyd dreger om oerein te bliuwen yn in globalisearjende wrâld? Yn Baskelân hawwe se in hiel oar ferhaal. Dêr sit it Baskysk al sûnt lange tiid yn de lift. Mei troch help fan in aktive regionale oerheid en in sterk bewustwêzen fan de Basken sels; ynjûn troch desennialange ûnderdrukking.

In belangrike rol yn dit suksesferhaal is ek weilein foar it 'bertsolaritza', de keunst fan it ymprovisaasjesjongen. De dielnimmer (de 'bertsolari') kriget in opdracht en moat dy binnen in heale minút, sûnder helpmiddels, ferwurkje ta in a capella songen liet (in 'bertso'). Bertsolari's binne helden yn harren regio. Foar de Basken is it bertsolaritza de kaai nei de skatkeamer fan har eigen taal, kultuer en identiteit.

Soe soks ek net wat wêze foar Fryslân? Bertsolaritza is in moaie manier om de taal yn syn poëtyske foarm klinke te litten foar grut publyk, om maatskiplike swierrichheden op krityske of kabareteske wize besprekber te meitsjen, en om jong en âld op kreative manier mei-inoar yn kompetysje gean te litten. Programmamakker Bart Kingma wie yn Baskelân foar Fryslân DOK tsjûge fan de grutte bertsolaritza finale mei 14.500 opteine Basken yn in seal en ûndersocht de histoarje, de eftergrûn en it sukses fan dit fenomeen. Mei yn de efterholle de fraach: soe dat bertsolaritza net nei Fryslân ta helle wurde kinne?

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)