Fryslân DOK fan 12 april 2020 17:00

Anne Zernike, 'Om it leauwen en de sinnigens'

Regisseur Annet Huisman makke yn 2011, hûndert jier neidat Anne Zernike op 'e kânsel fan De Knipe kaam, it dokudrama: 'Om it leauwen en de sinnigens'. Trije froulju rekonstruearje it ferhaal fan Anne Zernike. Yn filmsênes dielt de jonge Anne, spile troch Henny Rinsma, har dilemma's en har passy.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)