Fryslân DOK fan 11 oktober 2020 17:00

'Trochsette - Alvestêdetocht sûnder grinzen':

Yn septimber 2020 wurdt foar it earst de 'Onbeperkte Elfstedentocht', foar minsken mei in beheining, organisearre. Fryslân DOK folget twa dielnimmers én
Sandy Krijnen, de betinker fan dizze tocht. Minsken dy't it dreech hawwe mar dochs altyd trochsette. Wat driuwt harren?

Sandy Krijnen út Koarnwert hat MS. Yn 2012 sit sy yn har rolstoel lâns de kant as har man Roel meidocht oan de Fytsalvestêdetocht. De triennen rûgelje har oer de wangen. Sy wol ek meidwaan, en dy gedachte lit har net los. Sandy betinkt de 'Onbeperkte Elfstedentocht', spesjaal foar minsken mei in beheining. Mei de tocht komt dizze groep yn syn krêft te stean. Minsken dy't meidogge, kinne jild ynsammelje foar in selskeazen goed doel.

Yn de Fryslân DOK 'Trochsette' meitsje dokumintêremakkers Dieuwke Kroese en André Minkema in portret fan Sandy en noch twa dielnimmers. Elly Leijstra út Brantgum hat in grutte tumor yn 'e holle. Hamke Meijer fan it Hearrenfean hat yn 2002 in swier ûngelok mei de brommer hân. Beide wolle graach meidwaan, en ek al kostet it allegear mear muoite troch harren beheinings, se fiele har noch lang net 'ôfskreaun'. Sandy, Elly en Hamke binne trochsetters. Minsken dy't folop yn it libben steane en sels in bydrage leverje wolle oan it ûndersyk nei de sykte of beheining dy't sy ûnder de lea hawwe.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)