Fryslân DOK fan 11 maart 2012

Dûns op'e kop

It projekt ‘Dûns op ‘e kop’ is de start fan in stimulearrings-projekt op inisjatyf fan Keunstwurk. Doel fan dat projekt is dat de jongerein ‘nije folkloristyske dûnsen’ beoefenje sil, mei as ôfreispunt de libbenswrâld fan de jongerein. Hoe uterje sy harren? Mei-inoar dûnsje wilens spesjale gelegenheden is fan alle tiden.

De folkloristyske dûns stiet op it punt fan útstjerren. De fergrizing slacht ta en hoewol’t jongeren graach en in soad dûnsje, fiele sy harren net oanlutsen ta de skotsploegen en harren repertoire. Koreograaf Minke Elisa Brands waard frege troch Keunstwurk - it kennissintrum foar kultueredukaasje, amateurkeunst en professionele keunst yn Fryslân - om in workshop te jaan, dêr’t jonge dûnsers it âlde folkloristyske erfguod in hipper imago yn jaan moatte.

Filmmakker Marijke Jongbloed ûndersiket wêrom’t it net bûteret tusken de ferskillende generaasjes. De dûnsdokumintêre fan Jongbloed fertelt it ferhaal út it eachpunt fan de MBO-dûnsers fan D'Drive (keunstoplieding) wei. Sy nimme harren eigen (dûns)eftergrûn mei wylst sy de Dûns op ‘e kop-foarbyld-koreografy meitsje. De opdracht wie dêrby om in oantal Nederlânske folkloristyske basisdûnspassen te ferwurkjen yn in Dûns op ‘e kop-koreografy. Sintraal punt is de spanning tusken âld en nij: âlde en nije dûns en it besykjen jongerein te ynteressearjen foar tradisjonele dûnsen, mar dan yn in moderne ferpakking.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)