Fryslân DOK fan 11 juny 2013

Thialf, it kin noait út

Dizze wiken is der lanlik in swiere diskusje geande oer Nij Thialf. Dat it besteande Thialf altyd al ûnderwerp fan diskusje west hat, is te sjen yn in dokumintêre oer Thialf dy’t yn 2010 útstjoerd is. De dokumintêre is nochris te sjen op tiisdei 11 juny en it wurdt dúdlik dat der eins noch neat feroare is.
Doe’t yn 1965 yn Deventer in keunstiisbaan iepene waard, moasten Fryske reedriders en reedrydsters dêr mei de bus hinne om ien kear yn ‘e wike in pear slachjes te riden. Dat paste harren alhiel net; sy woenen sels in eigen keunstiisbaan hawwe. De diskusje oer sa’n baan hie yn Fryslân doe al fjouwer jier duorre. Uteinlik iepene prinses Christina yn 1967 Thialf oan de Pim Mulierlaan op It Hearrenfean. Mar dat Thialf hat sûnt dy tiid twa kanten.

Ien kant, dy’t elkenien ken, is de gesellige iisbaan as alternatyf foar it ûntbrekken fan natueriis. Fan it begjin ôf oan blykte de baan foar sawol topsport as foar rekreative sport in topper te wêzen. De namme waard ynternasjonaal ferneamd, doe’t der tritich- oant fjirtichtûzen besikers foar de kampioenskippen nei It Hearrenfean kamen. Dat wie in gefolch fan in fuortteid wrâldkampioenskip yn Davos, Switserlân, dat oerpleatst wurde koe nei Thialf. Doe’t de baan oerdutsen waard, luts it oranjepublyk oan. De supportersgekte wie ûntstien yn Thialf.

It oare byld is dat fan de mannen yn kreaze pakken dy’t berekkenje hoe’t it jild fan de folgjende, altyd wer needsaaklike, ferbouwing der komme moat. Thialf hat altyd te krijen hân mei in jildtekoart. Bygelyks doe’t direkteur Rob Dros in dak op Thialf betocht en der in grutte renovaasje kaam. Yn 1986 waard it oerdutsen Thialf iepene. Binnen in pear jier stie Thialf wer earste yn de wrâld kwa tiden en benammen kwa taskôgers. Mar yn feite wie de baan fallyt. De skuldeaskjende bedriuwen namen de iisbaan oer en slaggen deryn om wer rendemint te krijen. Sy seagen lykwols nije renovaasjes net sitten en ferkochten de baan, dy’t dêrnei yn in streamfersnelling fan BV’s telâne kaam. In nije renovaasje brocht in nij fallisemint en yn 2003 namen de gemeente, Essent en Aegon de oandielen oer. Fia in sunich belied besochten sy wer rendemint te krijen. En no is dus in nij Thialf yn sicht.

De twa kanten fan Thialf tekenje de skiednis fan de iisbaan. Sportive suksessen yn kombinaasje mei finansjele soargen. It sil altyd dreech bliuwe om in iisbaan te eksploitearjen. De ynvestearring fan de provinsje yn Nij Thialf moat foar in nije start soargje. Miskien is it goed om nochris yn de histoarje te dûken en dêr fan te learen.

Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 15 juny om 10:20 oere en snein 16 juny om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)