Fryslân DOK fan 11 febrewaris 2018 17:00

It hert fan Houtigehage: Houtigehage, in lyts doarp mei sa'n 1000 ynwenners reagearret entûsjast op it inisjatyf om âlderen op it plattelân mear oan keunst en kultuer dielnimme te litten. 'Tiid foar talint' is de namme fan it projekt. It is in idee dat yn 2013 begûn yn de Rânestêd. Mar hoe pakt soks no út op it plattelân? Yn de pilotgemeenten Smellingerlân en Achtkarspelen giene ferskate projekten fan start. Houtigehage is it iennichste doarp dêr't mar leafst trije kursussen starte yn de winter fan 2017-2018. Alderen skriuwe harren hjir yn foar de groepen koarsjonge, dûns en beweging en foar in kursus houtbewurkje.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)