Fryslân DOK fan 10 septimber 2017 17:00

It Fryske wetter: Twalûk oer it werom bringen fan de Fryske wetternatoer.

Fryslân is de meast wetterrike provinsje fan Nederlân. Mei prachtige útstrekte marren en moaie lytse sleatsjes. Oeral is wetter. De minsken genietsje der alle dagen fan. Mar hoe stiet it eins mei de wetternatoer sels? De planten en de bisten ûnderwetter, hjir witte de measte minsken neat fan. Yn de dokumintêre It Fryske Wetter sjogge we hokker oplossingen der komme om de wetternatoer wer werom te krijen sa as it wie.

Hjoed diel 2: klimaatferoaring

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)