Fryslân DOK fan 10 novimber 2019 17:00

As myn filmhert in kompas wie

It Noordelijk Film Filmfestival belibbet dit jier syn 40e edysje. Programmeur Fredau Buwalda is op it filmfestival yn it Noarske Haugesund, om foar Ljouwert de bêste noardlike films te finen. It jubilearjende festival hat de lêste jierren ommers keazen foar in noardske fokus. Skandinavië blykt hiel suksesfol yn it ûntwikkeljen en 'vermarkten' fan har eigen sinema. Kin it noarden fan Nederlân dêr wat fan leare?

Mar foaral: wêryn ûnderskiedt dy noardlike sinema him? Sprekke dizze films spesifyk noarderlingen oan, of net? Fragen dy't sels foar de filmmakkers yn Haugesund noch net sa maklik te beäntwurdzjen binne. Adwin de Kluyver, skriuwer fan 'Het gedroomde noorden' en programmeur fan it noardlikste filmhûs yn Nederlân (Podium Vlieland) bûcht him deroer. Yn Fryslân litte filmmakkers Mirjam de With en Rutger Veenstra harren ljocht skine oer it noardlike aspekt yn harren wurk.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)