Fryslân DOK fan 10 maaie 2020 17:00

'Een prachtige daad':

VV Heerenveen joech yn it lêste oarlochsjier in thús oan jonge fuotballerkes út Amsterdam. By gastgesinnen op It Hearrenfean en yn Oranjewâld - ûnder oaren by Abe Lenstra en syn frou - oerlibben se de Hongerwinter. Yn de dokumintêre 'Een prachtige daad' fertelle de Amsterdamske jonges fan doe, wat dy perioade foar harren betsjutten hat.

'Een prachtige daad' (2019) is makke troch Vanessa de Gaay Fortman en Pim van Bezooijen yn opdracht fan Ajax Erfgoed. Sa wol Ajax tanksizze oan sc Heerenveen foar de ûnferjitlike died en de gastfrijheid fan 75 jier lyn, yn it jier dat de Hearrenfeanse klup 100 jier bestiet. Ajax toant hjirmei syn belutsenheid mei it tema '75 jier befrijing'.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)