Fryslân DOK fan 10 maaie 2015 17:00

Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die (5) Nei oanlieding fan 70 jier befrijing wurdt de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ útstjoerd. Yn fiif dielen wurdt in yngeand byld sketst fan de oarlochsjierren yn Fryslân. Yn de lêste ôflevering stiet de simmer fan 1945 yn Snits sintraal. Nei de befrijing yn 1945 duorren de befrijingsfeesten yn de Wetterpoartestêd folle langer as yn oare plakken yn ‘e provinsje. By de befrijing fan Fryslân op 15 april 1945 krigen 800 Kanadeeske soldaten ûnderdak by Snitser húshâldens. Troch in grut tekoart oan skippen koene de soldaten net werom nei harren thúslân en sadwaande bleaune se sawat in heal jier. De Snitsers en harren befrijers fierden in lange befrijingsrûs. ‘’It wie in perioade fan sedeferwyldering. De oarloch wie oer en de minsken dy’t it oerlibbe hiene, woene it libben fiere,’’ fertelt Bonnie Okkema yn Fryslân DOK. Se skreau in boek oer dy simmer fan 1945 en de gefolgen dêrfan. It lange ferbliuw fan de Kanadezen soarge yn 1946 foar in bertegolf yn de stêd. De bern krigen meast net in hertlik wolkom. De heiten wiene al wer nei hús ta, werom nei harren eigen húshâlding. De jonge memmen stiene der faak allinnich foar. Fryslân DOK sketst in byld fan de earste jierren nei de oarloch. Fan de feestjes dy’t organisearre waarden. Fan de leafdes dy’t opbloeiden tusken Kanadeeske soldaten en Fryske famkes én de bern dy’t út dy relaasjes berne binne. Ien fan dy bern is Tiny Oosterhoff. Har mem moete nei de befrijing de Kanadeeske soldaat Vincent Smith, mei wa’t se in pear moanne ferkearing hie. Tiny waard yn 1946 berne. Nei in syktocht fan jierren yn Kanada fûn se har heit nei hast fyftich jier werom. Net folle letter ferstoar hy. Fryslân DOK: Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die (5) Snein 10 maaie om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 9 maaie om 15.35 oere en snein 10 maaie om 12.20 oere op NPO 2.
Share this page on:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)