Fryslân DOK fan 10 febrewaris 2019 17:00

Sûnder druk:
Yn in bedriuw dêr't de druk derôf wêze moatte soe, rint de druk hieltyd fierder op. Caparis is it grutste sosjale wurkbedriuw yn Fryslân. Acht gemeenten binne mei-inoar eigener fan it bedriuw dat wurk biedt oan 2200 minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk. De wurknimmers belibje al in pear jier in ûnwisse tiid. Bliuwe de gemeenten mei it bedriuw gearwurkjen of sille se it wurk tenei op in oar wize ynfolje?

De sosjale wurkfoarsjenning stiet ûnder druk. Nei de ynfiering fan de partisipaasjewet yn 2015 binne gemeenten ferantwurdlik foar de wurkfoarsjenningen. Tagelyk is der bot besunige op it wurk foar arbeidsbeheinden. De gemeenten bepale mei hoe't de takomst fan Caparis derút sjocht. De kommende wiken sille dêr besluten oer falle.

Yn de Fryslân DOK dokumintêre 'Sûnder druk' komme de wurknimmers fan Caparis oan it wurd. Wat betsjut it bedriuw foar harren en wat soe it betsjutte as de wurkfoarsjenning ôfbouwe moat? Direkteur Alex Bonnema sketst in byld fan it bedriuw en de konsekwinsjes fan it mooglik úttrêdzjen fan gemeenten út de saneamde mienskiplike regeling fan Caparis. Bonnema makket him bot soargen oer in eventuele ûntmanteling fan it bedriuw.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)